Brânwacht hie yn 2017 mear tiid nedich as jier earder

De brânwacht hie yn Fryslân yn 2017 gemiddeld 9,6 minuten nedich om teplak te wêzen by in brân. Dat is 24 sekonden langer as in jier earder. Dat skriuwt it Centraal Bureau voor de Statistiek. Allinnich yn de provinsje Drinte docht de brânwacht der langer oer om by in brân te kommen. Dêr is de saneamde responstiid 10,7 minuten. Lanlik leit de responstiid op 7,7 minuten.
Responstiid
De responstiid bestiet út de tiid om in team fan de brânwacht te alarmearjen (de alarmearringstiid), út te riden (de útrydtiid) en de rydtiid nei it plak fan de brân.
Tinbefolke regio's
Yn tinbefolke regio's docht de brânwacht in grutter berop op frijwilligers. Dêrtroch duorret it útriden yn dy gebieten langer as yn gebieten mei mear kazernen en beropskrêften. Boppedat moat de brânwacht yn tinbefolke gebieten gemiddeld langere ôfstannen ôflizze.
Langere alarmearringstiid en útrydtiid
Dat de brânwacht yn Fryslân langer ûnderweis is as yn de measte oare provinsjes, komt benammen troch de langere alarmearringstiid en útrydtiid. Dy lizze beide rom boppe de lanlik sifers. De gemiddelde rydtiid fan de kazerne nei it plak fan de brân is hast like lang yn Fryslân as it lanlik gemiddelde.