Fjouwer jier sel foar Damwâldster nei sjitpartij

15 mrt 2018 - 14:39

De man út Damwâld dy't ferline jier septimber in doarpsgenoat delskeat, hat fjouwer jier sel krigen. De twa manlju hiene spul mei elkoar. De Damwâldster koe it net ferkroppe dat it slachtoffer syn eks-freondinne ûnderdak jûn hie, neidat it stel út elkoar gien wie. Op de dei fan de sjitpartij fytste de fertochte mei in pistoal yn de bûse nei de supermerk yn Damwâld. Op it parkearplak soe hy twa kear sketten ha op it slachtoffer.

Justysje hie seis jier easke fanwege poging ta moard, omdat de man der fan tefoaren oer neitocht ha soe. De rjochtbank gie dêr net yn mei en feroardiele de man fanwege poging ta deaslach.

Trefwurden: 
selstraf Damwâld
(advertinsje)