Njoggen moannen sel foar deadlike oanriding De Jouwer

15 mrt 2018 - 14:32

De frachtweinsjauffeur dy't ein 2016 by de rotonde fan De Jouwer in deadlik ferkearsûngelok feroarsake, hat in finzenisstraf krigen fan njoggen moannen, en is foar oardel jier syn rydbewiis kwyt.

By it ûngelok is in 31-jierrige man út Snits om it libben kaam. Syn 29-jierrige frou rekke swier ferwûne. Se sit foar de rest fan har libben yn in rolstoel. It dochterke fan in jier, dat ek yn de auto siet, rekke licht ferwûne.

Neffens de rjochter hat de frachtautosjauffeur tige ûnfoarsichtich en ûnoplettend hannele. It is in in man (40) út Mijdrecht. Hy wie op syn telefoan dwaande mei it wissen fan pornosites. De útspraak is gelyk oan de eask fan Justysje.

(advertinsje)