Komplimint Dongeradiel fan Ombudsman om oanpak demonstraasje

15 mrt 2018 - 13:52

De manier wêrop't de gemeente Dongeradiel de demonstraasje fan anty-Swarte Pyt-aktivisten oanpakt hat by de yntocht fan Sinteklaas, is hoe't it moat. Dat fynt de Nationale Ombudsman Reinier van Zutphen, dy't in rapport makke hat oer it rjocht op demonstraasje.

Neffens Van Zutphen stiet dat rjocht ûnder druk. It liket derop dat gemeenten en plysje te gau demonstraasjes ferbiede. Hielendal as dy oer gefoelige ûnderwerpen gean, lykas Swarte Pyt of de komst fan in azc.

Goed taret

Dongeradiel wie goed taret op de anty-Swarte Pyt-demonstraasje, seit Van Zutphen: "Demonstranten en overheid moeten over de organisatie met elkaar overleggen. Dát is in Dokkum goed gegaan: er is een plaats aangewezen waar ze mochten staan, de intocht kon gewoon doorgaan, het tegengeluid kon gehoord worden. Bijna volgens het boekje, zo is het daar gelopen."

"Doodzonde"

Dochs koe de demonstraasje net trochgean: "Ergens anders ging het mis, niet in Dokkum zelf. Daardoor is het uiteindelijk niet toch doorgegaan. Doodzonde, want dit was een goed voorbeeld van hoe het tegengeluid en de intocht goed samen konden gaan."

Waanders: Gjin paskleare maatregels

Boargemaster Waanders is bliid mei de opstekker. Netttsjinsteande de goede oanpak, gie it oan de ein dochs mis. Waanders: "Watst oan de foarkant yn goed oerlis mei minsken dy't demonstrearje wolle, regelje kinst, moatst altyd dwaan. By ús gie it oars, omdat in soad minsken fûnen dat de demonstraasje net yn Dokkum wêze moast. Tsjin datsoarte optredens fan in groep minsken kinst hast yn gjin inkeld senario maatregels opnimme." 

"Wegen ôfslute litte troch plysje?"

"Ast net wolst dat minsken hjirhinne komme, wylst it in rjocht is om te demonstrearjen, dan kin ik net sizze: 'As jimme it yn no sa en sa dogge, dan kom it wol goed.' Moatte jo dan alle tagongswegen fol mei plysjes sette? Soms gean demonstraasjes oer ûnderwerpen dêr't in soad emoasjes, kommoasje en polarisaasje yn is.  Dan is de kâns dat it oars rint, oanwêzich. Demonstraasjerjocht is in weardefol grûnrjocht, mar as it kwa ynhâld ferskate mieningen opropt, dan is miskien it draachflak foar demonstraasje ek net sa grut. Dat fyn ik problematysk", seit Waanders, "want it is en bliuwt in grûnjrocht."

(advertinsje)