Van der Laan ferfangt Steenvoorden yn de striid tsjin NEC

15 mrt 2018 - 13:52

Martijn van der Laan is freed by SC Cambuur op 'e nij de ferfanger fan Matthew Steenvoorden. Dy ûntbrekt yn de thúswedstriid tsjin koprinner NEC troch in skorsing. Ferline wike tsjin Almere City wie dat ek al it gefal en spile Van der Laan ek al op syn plak.

Trainer René Hake sjocht yn NEC in útdaagjende tsjinstanner: "Het zijn altijd mooie duels met de koploper. Maar het wordt wel een lastige wedstrijd, want ze staan niet voor niets bovenaan."

"Succes is goed voor het vertrouwen"

Cambuur sil net ekstra ferdigenjend spylje omdat de Ljouwerters tsjin de nûmer ien moatte. "We hebben het met de groep over het strijdplan gehad en een deel voelt zich daar niet prettig bij", fertelt Hake, dy't hopet dat syn ploech fierder borduerje sil op de goeie wedstriid tsjin Jong PSV fan ôfrûne moandei (1-1).

Neffens oanfierder Robbert Schilder koe de seleksje ek wol efkes in súkseske brûke. "Het is wel goed voor het vertrouwen geweest, omdat we uit een mindere fase kwamen. Aan de andere kant vind ik dat de standaard iets omhoog mag." 

"We zijn veel te wisselvallig"

"We mogen niet blij zijn met vier punten tegen Almere City en Jong PSV. We zijn veel te wisselvallig. Het moet normaal zijn dat je wedstrijden achter mekaar wint." Schilder kin freed tsjin NEC ek oan de bak. De ploech út Nijmegen is de op ien nei meast skoarende ploech fan de Jupiler League. Schilder: "Hun aanvallers zijn van Eredivisieniveau."

Schilder giet der fanút dat er ek takom seizoen yn it Cambuurstadion spilet. De klup hat in iensidige opsje om syn kontrakt mei in jier te ferlingjen. De ferdigener ferwachtet dat dat barre sil: "Ik heb nog niets van de club gehoord, maar ik denk dat mijn optie wordt gelicht aangezien ik aanvoerder ben en iedere wedstrijd speel."

Trefwurden: 
Cambuur
(advertinsje)