Nije steger makket Harns better tagonkllik foar toeristen

15 mrt 2018 - 13:31

Grutte skippen oant 160 meter lang kinne yn Harns oanlizze oan in nije driuwende steger yn de Willemshaven. Sa hopet Harns dat der nije toeristen nei de stêd en omjouwing komme. Der is belangstelling foar en de earste boekingen binne der al.

Dizze simmer komme der 50 rivier-cruisers en 4 grutte see-cruisers. Dêrby sit ek de Ingelske Royal Crown, dy't foar trije dagen nei Harns komt en in pear hûndert minsken oan board hat.

Oan de multyfunksjonele steger fan 180 meter lang kin ek de brune float oanlizze. Minsken kinne komfortabel op- en ôfstappe sûnder rinplanken of fertikale ljedderkes.

In pontsje en in dûanekantoar meitsje de foarsjenningen foar bûtenlânske toeristen yn Harns kompleet. De steger is tongersdei offisjeel yn gebrûk naam.

Trefwurden: 
Harns Willemshaven steger
(advertinsje)