Steatsboskbehear moat ymprovisearje nei grutte brân Skylge

15 mrt 2018 - 13:29

De skea fan de brân yn de loads op Skylge is "heel behoorlijk". Dat seit boskwachter Remi Hougee fan Skylge. De loads wie fan Steatsboskbehear en hast al it materiaal dat dy organisaasje op it eilân hie, stie deryn. "Het is heftig. Maar we zijn heel blij dat er geen persoonlijk letsel was."

"Meeste materiaal is vergaan"

"Het meeste materiaal is wel vergaan. Dan moet je denken aan werktuigen die achter de trekker horen, de trekker zelf, maaimachines, maar ook materiaal dat we nodig hebben om de geiten naar een andere wei te brengen. De broedperiode is net begonnen. Het is een drukke tijd voor ons. We moeten nu improviseren."

Komplimint

Foar seis oere moarns kaam de earste melding fan de brân yn de loads. Hougee waard fuortendaliks op de hichte steld. "Het was echt een flinke uitslaande brand. Toen ik er kwam, was de brandweer al even bezig. De rook stond tot aan de Hoofdweg."

De brânwacht koe foarkomme dat it fjoer oersloech nei in oare loads, dy't deun njonken de útbaarnde loads stiet. "Dat is een compliment waard", seit Hougee. "Op zo'n eiland is brandbestrijding altijd lastig. Ze hebben met man en macht puik werk verricht."

Ynventarisearje

Steatsboskbehear besjocht no hoe't se de de kommende dagen fierder moatte. "We hopen zo snel mogelijk te inventariseren wat er nieuw moet komen en wat we kunnen lenen van andere plekken van Staatsbosbeheer. We zijn gelukkig een grote organisatie."

Trefwurden: 
brân Skylge Steatsboskbehear
(advertinsje)