Nyck de Vries opfolger fan Lammers by Racing Team Nederlân

15 mrt 2018 - 12:29

Autokoereur Nyck de Vries fan Twellingea docht dit seizoen njonken syn Formule 2-races ek mei oan it World Endurence Championship (WEC). Dat waard tongersdeitemoarn bekendmakke by de teampresintaasje yn Eindhoven. De 23-jierrige koereur is taheakke oan Racing Team Nederlân en wurdt dêr fan augustus ôf de opfolger fan Jan Lammers. Foar race-ikoan Lammers wurdt de 24-oersrace fan Le Mans - dy't er yn 1988 wûn - it lêste optreden. Dêrnei nimt Nyck de Vries syn plak yn. Njonken de Fries sitte ek autokoereur Giedo van der Garde en jildsjitter Frits van Eerd yn it Nederlânske team.

Nij seizoen Formule 2

Troch pas letter yn it seizoen yn te stappen, botst it programma fan it WEC net mei De Vries' wedstriden yn de Formule 2. Nyck de Vries rydt yn it nije seizoen foar topteam Prema yn dy klasse.

"Het is een eer om van hem het stokje te mogen overnemen", seit De Vries. "Hij heeft alles meegemaakt in de autosport. Hij heeft in de Formule 1 gereden en Le Mans gewonnen."

Trefwurden: 
Nyck de Vries racen Formule 2
(advertinsje)