'Ferburgen Fertriet' fan ferneamde keunstner hinget by Zienn

15 mrt 2018 - 12:14

De ferneamde keunstneres Ans Markus eksposearret yn de algemiene opfang fan opfangorganisaasje Zienn yn Ljouwert. Yn de lokaasje oan de Nieuwenweg is har tentoanstelling 'Verborgen Verdriet' te sjen. Dy wurdt woansdei iepene en is te sjen oant en mei 21 juny.

Verborgen Verdriet bestiet út ferskate skilderijen fan manlju mei soargen en fertriet dêr't de bûtenwrâld neat fan ôf wit. It ferhaal achter de portretten begûn yn de tiid dat Markus skilderles joech oan dak- en thúsleazen yn Amsterdam. Yn de algemiene opfang fan Zienn is dit hiele jier fan Ljouwert Kulturele Haadstêd keunst te sjen. Sa'n 65 keunstners eksposearje dêr harren wurk.

Trefwurden: 
Zienn keunst Ans Markus
(advertinsje)