VC Trynwâlden hâldt op mei sneonsfuotbal op nivo

15 mrt 2018 - 11:53

De bêste fuotballers fan VC Trynwâlden spylje tenei net mear op sneon. It prestaasjefuotbal is allinnich noch op sneins. Dat hat de klup besletten op in ekstra algemiene ledegearkomste (ALV), tsjin it advys fan in ûnôfhinklike kommisje yn. De klup moast ien fan beide dagen kieze, omdat it net langer út kin om foar de sneon- én sneinsploech in trainer te beteljen. It ledetal rint ek werom.

Twaspjalt

De beslissing soarget foar twaspjalt binnen de klup. VC Trynwâlden is yn 2009 ûntstien troch in fúzje fan Trynwâldster Boys, dat op sneon spile, en sneinsklup VV Trynwâlden. Nettsjinsteande it advys stelde it bestjoer oan de leden foar om de snein te kiezen. Dêr stimden 92 minsken foar, en 80 minsken tsjin. Fan it begjin fan it takom seizoen ôf wurdt de snein de iennige spyldei fan it earste team.

It beslút fan de ALV betsjut net dat by VC Trynwâlden hielendal net mear op sneon spile wurdt. De legere alvetallen ha gjin djoere trainers.

Trefwurden: 
VC Trynwâlden fuotbal
(advertinsje)