Team Lotto-Jumbo net fierder mei Yvonne Nauta

15 mrt 2018 - 11:30

Reedrydteam Lotto-Jumbo ferlinget it kontrakt fan Yvonne Nauta net. De 27-jierrige reedrydster fan Twellingea kaam yn april 2017 by it team fan Lotto-Jumbo. In moanne letter rekke se swier blessearre nei in fal yn in training.

Nauta hat nei de refalidaasje noch wol besocht har te pleatsen foar de Olympyske Spelen, mar dat slagge net. Nei it ôfrinnen fan it kontrakt mei Nauta noch wol in berop dwaan op it medyske team fan Lotto-Jumbo.

(advertinsje)