Ynwenners Steggerda wolle ien basisskoalle foar takomst

© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Ynwenners fan Steggerda wolle ien brede basisskoalle. Op it stuit hat it doarp yn Weststellingwerf noch twa basisskoallen, mar de takomst dêrfan is net wis omdat it tal bern weromrint. Janita ten Berge fan Doarpsbelang Steggerda pleitet foar ien grutte, brede basisskoalle om de takomst fan it basisûnderwiis yn Steggerda te garandearjen: "De signatuur van de school maakt ons als dorpsbelang niet zoveel uit, maar we willen graag goed basisonderwijs. Dat onze kinderen goed klaargestoomd worden voor de samenleving." Dat is ek wichtich foar de leefberens fan it doarp, seit se.
Neffens Ten Berge is der in soad rumoer op bestjoerlik nivo. "Er waren al vergevorderde plannen om een fusie aan te gaan met de basisschool van De Blesse." Dêr rinne se tsjin deselde problemen oan as yn Steggerda, seit Ten Berge. "Maar dan moet je het spoor over en onder de A32 door. En ze zoeken wel oplossingen, maar voor ons geldt: vraag aan Steggerda waar behoefte aan is, nu én in de toekomst."