Hieltyd mear banen en minder útkearingen yn Fryslân

15 mrt 2018 - 09:25

De wurkleazens yn Fryslân rint hieltyd fierder werom. Dat docht bliken út de nijste sifers fan útkearingsynstânsje UWV. Ein febrewaris hiene goed 14.000 Friezen in WW-útkearing. Dat is rom 4 persint fan de beropsbefolking. Benammen yn de soarch is mear wurk. Yn fergelyk mei in jier lyn, is it tal WW-útkearingen mei hast 25 persint weromrûn.

Trefwurden: 
wurkleazens UWV útkearing
(advertinsje)