Brân op Skylge ferwoastet loads fan Steatsboskbehear

15 mrt 2018 - 06:58

In loads oan de Nieuwe Dijk op West-Skylge is tongersdeitemoarn betiid folslein útbaarnd by in grutte útslaande brân. It giet om in loads fan Steatsboskbehear. Dêr sieten gjin minsken yn, mar wol in protte guod, seit boskwachter Remi Hougee fan it eilân. 

By de brân kaam flink wat reek frij.  De oarsaak fan de brân is noch ûndúdlik. De brânwacht gie der mei meardere auto's hinne. By oankomst sloegen de flammen al út it dak.

Trefwurden: 
brân Skylge
(advertinsje)