Fries om utens fynt earste ljipaai fan 2018 yn Súd-Hollân

15 mrt 2018 - 06:55

Fries om utens André Hornstra hat woansdeitejûn om seis oere hinne it earste ljipaai fan Nederlân fûn. It lei yn de gemeente Giessenlanden yn Súd-Hollân. It gearwurkingsferbân LandschappenNL hat it aai kontrolearre en fêststeld dat it aai farsk is. Hornstra is in frijwilliger fan de Natuur en Vogelwacht Alblasserwaard, en siet earder by de fûgelwacht fan Wâldsein. 

Dream

"Ik wie net echt oan it sykjen, mar ik seach de wrâld oan fûgels. In prachtich gesicht! De ljippen sieten op de greide, en dat wie wol bysûnder. Se gongen oer de wjuk. Dus ik sykje, en ik sjoch in nêst op it midden fan de ikker lizzen. En dêr lei er. Je wolle it hast net leauwe. Ik tink: 'der is hjir ien dy't my foar de gek hâldt'. Mar as je 48 jier yn it lân omspane, dan sjogge je wol dat er farsk is."

"Ik hope mar dat der net ien wie dy't krekt dêrfoar al in aai fûn hie. Dat ik de twadde wêze soe. Dus ik woe it fuort en daliks melde. Mar se hiene allegearre de voice-mail derfoar. Ik ha der altyd fan dreamd om in kear de earste te wêzen. Altyd. Mar dy kâns is sa lyts. Je geane der net fan út. It is der mar ien yn it jier dy't dat oerkomt."

Temperatuer

Neffens in foarsizzing fan ekologysk advysburo Altenburg en Wymenga út Feanwâlden soe it earste Fryske ljipaai tongersdei fûn wurde. Dy foarsizzing is basearre op in berekkening oan de hân fan temperatuergegevens fan it KNMI. Ferline jier waard it earste Nederlânske ljipaai fûn op de dei dat it Fryske ljipaai ferwachte waard. Dat waard in dei letter fûn. Doe wie it 10 maart. 

De foarseine datum falt dit jier letter as ferline jier, trochdat der let yn de winterperioade noch froast wie. Dy froast is neffens Altenburg en Wymenga net goed foar de ljippestân, omdat de ljippen dêrtroch letter komme, en relatyf earder lêst ha fan meanende boeren. 

Kommend wykein wurdt froast foarsein. "Ik hoopje mar dat it aai dat oerlibbet", seit Hornstra.

Trefwurden: 
ljipaai André Hornstra
(advertinsje)