Philips ferrast oer fuortrinnen fakbûnen by cao-oerlis

14 mrt 2018 - 22:41

Philips is ûnoangenaam ferrast dat de fakbûnen fuortrûn binne fan de ûnderhannelingstafel. It cao-oerlis tusken it bedriuw en de fakbûnen sit op it stuit muorrefêst. Neffens Philips binne de foarstellen dy't op tafel leine mei ta stân kaam yn gearwurking mei de wurknimmers.

It bedriuw hopet dat de fakbûnen dochs fierder ûnderhannelje wolle, sadat der gau in nije ferbettere cao foar de wurknimmers komt.

Trefwurden: 
cao-oerlis Philips fakbûnen
(advertinsje)