Follybalsters VC Snits yn thriller lâns Regio Zwolle

14 mrt 2018 - 22:13

VC Snits hat woansdeitejûn goede saken dien yn de kampioenspûl fan de earedifyzje. De Snitser follybalsters wûnen yn in thriller mei 3-2 yn sets fan Regio Zwolle. Troch de winst makket de ploech fan trainer Abe Meininger noch alle kâns om as twadde te einigjen yn de kampioenspûl, efter koprinner Sliedrecht Sport.

De setstannen wiene 21-25, 25-23, 26-28, 25-23 en 18-16.

Trefwurden: 
VC Snits follybal
(advertinsje)