Aris pakt swierbefochten oerwinning op BA Limburg

14 mrt 2018 - 21:59

De basketballers fan Aris hawwe woansdeitejûn in swierbefochten oerwinning behelle op Basketball Academy Limburg. Yn de eigen sporthal It Kealledykje waard it 82-67 foar de Ljouwerters. BA Limburg stie nei it earste kwart noch foar mei 25-23 en Aris koe ek yn it twadde kwart de minime efterstân net goedmeitsje: 42-41 foar de gasten.

Nei it skoft rûn it better by Aris (63-58) en yn it lêste kwart namen de Ljouwerters fierder ôfstân, sadat de wedstriid mei 82-67 ôfsletten waard.

Troch de winst stiet Aris no steviger op it sechsde plak.

Trefwurden: 
Aris basketbal Ljouwert
(advertinsje)