Lânskip wurdt opknapt: "Us goud, neist taal en kultuer"

14 mrt 2018 - 21:32

It lânskip fan Fryslân wurdt fan woansdei ôf op ferskate plakken opknapt. It giet ûnder mear om gebieten yn Súdeast-Fryslân, de Noardlike Fryske Wâlden, it Lege Midden en op Skylge. Der wurde nije beammen plante, houtwâlen en elzesingels wurde oanpakt en puollen wurde skjinmakke en útdjippe. Doel is om it bioferskaat werom te bringen, want it Fryske lânskip driget skraler te wurden.

Boeren wurdt frege om mei te dwaan. Se krije dêr in fergoeding foar, as it oan deputearre Johannes Kramer leit. Neffens him is it tige wichtich dat goed foar de floara en fauna yn it Fryske lânskip soarge wurdt. "Wysels, mar ek toeristen genietsje der fan. Neist taal en kultuer is lânskip ús goud."

(advertinsje)