Fermiste June (17) út Ljouwert is weromfûn

14 mrt 2018 - 20:30

It fermiste famke June Boonpog út Ljouwert is wer teplak. It 17-jierrige famke út Ljouwert waard sûnt 2 maart fermist. Neffens de plysje ferkeart se yn goede sûnens. De reden fan de fermissing is net bekend makke.

Earder melde de plysje dat June fanút Ljouwert de trein nei Rotterdam pakt hie. Oft se dêr ek fûn is, is net bekend.

(advertinsje)