Antyfassistyske stickers en spandoeken tsjin PVV

De Anti Fascistische Actie Fryslân hat stickers plakt op de ferkiezingsbuorden yn Koatstertille, De Harkema, Boelensloane, Twizelerheide en Bûtenpost. It giet om stickers mei de tekst "Geef angst en haat geen stem, stop racisme". Yn Surhústerfean binne yn it winkelsintrum ek spandoeken ophongen mei dizze teksten.
De AFA wol minsken mei de stickers en spandoeken oproppe om net op de PVV te stimmen. De organisaasje neamt dy partij 'racistisch' en seit dat de PVV allinnich meidocht, omdat der by de lêste ferkiezingen relatyf in soad op dizze partij stimd waard. De ferkiezingsposters fan de PVV binne nettsjinsteande de stickers, noch wol gewoan te lêzen.
De riedsferkiezingen binne nije wike woansdei 21 maart yn 14 Fryske gemeenten.