Soargen oer mear wenweinstânplakken Fennepark Drachten

14 mrt 2018 - 17:10

Bewenners fan it Fennepark yn Drachten meitsje harren soargen oer de útwreiding fan wenweinstânplakken yn de wyk. De gemeente Smellingerlân beneamde okkerdeis trije lokaasjes yn de wyk, dêr't mooglik tweintich wenweinen komme. De bewenners binne it dêr net mei iens. Se fine dat der yn de wyk al foldwaande doelgroepen mei in ôfwikende libbensstyl binne.

Sa is der yn de wyk in lokaasje dêr't allinnichsteande minderjierrige asylsikers wenje en binne der trije wenfoarmen fan Talant foar ferstanlik beheinden. De draachkrêft yn de wyk is dan ek berikt, fine se. Wykbewenner Henk Mulder: "De ferskate doelgroepen soene evenredich ferdield wurde moatte oer Drachten, yn stee fan se allegear yn ien wyk te húsfestjen."

"We ha gjin beswier tsjin wenweinbewenners", seit wykbewenner Gerco Kooistra, "mar wol tsjin it kamp hjirre." De bewenners ferwachtsje, dat der mear oerlêst komt troch in wenweinkamp yn harren wyk. "De ferkearsyntinsiteit nimt ta, der binne mear minsken, dus it wurdt drokker", seit Kooistra.

De wykbewenners binne ek net te sprekken oer it proses. Se hiene yn in folle earder stadium ynformearre wurde moatten. De bewenners praten tiisdei mei wethâlder Jos van der Horst op in ynformaasjegearkomste oer de mooglike lokaasjes. Dêr is troch de bewenners oanjûn dat de gemeente better ûndersyk dwaan moat nei geskikte lokaasjes yn Drachten.

Trefwurden: 
wenwein Fennepark Drachten
(advertinsje)