SP Smellingerlân docht net mei oan ferkiezingsdebat

Jos van der Horst © Gemeente Smellingerlân
De SP fan Smellingerlân docht net mei oan it ferkiezingsdebat dat de gemeente tongersdei organisearret. De sân stellingen soene net genôch rjochte wêze op de stânpunten fan de SP. Dat seit fraksjefoarsitter Jos van der Horst. De organisaasje fan it debat fynt it spitich dat de partij nei meidwaan wol, mar in wurdfierder wiist der ek op dat der in wiidweidige tarieding west hat.
Der soene yn totaal alve partijen meidwaan oan it debat en de organisaasje is net fan doel op basis fan de krityk fan ien partij de stellingen oan te passen. As der letter wer in kear ferkiezingen binne, sil de organisaasje de krityk fan de SP meinimme, mar it is net sein dat der dan foar in oare opset keazen wurdt.