Justlease hâldt dochs op as reedrydsponsor

Reedrydster Ireen Wüst mei har gouden medalje foar de race op de 1500 meter by de Olympyske Spelen yn Pyeongchang © ANP
Justlease sjocht dochs ôf fan in trochstart as sponsor fan harren reedrydploech. De bedriuwslieding bliuwt by it beslút om nei dit seizoen op te hâlden mei de reedrydploech, dêr't ûnder oaren Ireen Wüst en Antoinette de Jong foar ride.
Tiisdei kaam Wüst mei it nijs nei bûten dat Justlease mooglik in trochstart meitsje soe, mar dat der foar har gjin plak mear wie. De sponsor soe de 31-jierrige Wüst te âld fine mei it each op de takomst. Dit kaam Justlease op de nedige krityk te stean.
"Wij betreuren de commotie over het al dan niet doorgaan van de sponsoring van onze kant en de negatieve beeldvorming die rondom Ireen Wüst is ontstaan. Het is jammer dat er dinsdag onvolledig nieuws naar buiten is gekomen, waardoor er voorbarige en onjuiste conclusies zijn getrokken", seit de direksje fan Justlease.