Opknapbeurt natuergebiet Oude Willem set freed útein

14 mrt 2018 - 16:31

It opknappen fan it gebiet Oude Willem yn it hert fan it Drents-Friese Wold set kommende freed offisjeel útein. Doel is dat de natuer der robúster wurdt en der mear fariaasje yn komt. Om dat te berikken wurdt ûnder oare it wetterpeil oanpakt. De start wurdt fersoarge troch de deputearren Johannes Kramer fan Fryslân en Henk Jumelet fan Drinte.

It oanpakken fan Oude Willem is ûnderdiel fan in folle gruttere opknapbeurt fan it Drents-Friese Wold. Dy wurdt yn meardere fazen útfierd.

(advertinsje)