FIDEO: Himmelum krijt lang om let rûnwei

14 mrt 2018 - 17:00

Ynwenners fan Himmelum ha der 50 jier op wachtsje moatten: in rûnwei om it doarp. Drok ferkear soarge foar gefaar op de trochgeande, en benammen smelle, dyk. Mei de oanlis fan de rûnwei is woansdei begûn. Neffens bewenners is it in wûnder dat der noait slimme ûngelokken bard binne yn Himmelum. Geregeld wienen der opstoppingen en hienen bewenners skea oan har auto's om't de dyk smel is.

De oanlis fan de nije rûnwei kostet twa miljoen euro. Dat wurdt betelle troch de gemeente Súdwest-Fryslân en de provinsje.
 

Trefwurden: 
Himmelum Rûnwei
(advertinsje)