FIDEO: Polytburo oer ferkiezing: Harrie Graansma fan de PVV

Op 21 maart binne de gemeenteriedsferkiezingen en dan mei de helte fan Fryslân nei de stimbus. De oare helte hat dat yn novimber al dien. Yn oanrin nei de ferkiezingen ta sil Eric Ennema fan it Polytburo lokale politisy befreegje en stevich oanpakke. Harrie Graansma fan de PVV yn Achtkarspelen skoot woansdei oan yn Fryslân Hjoed.
Mei elkoar sjocht Eric Ennema fjouwer kear foarút nei de ferkiezingen. Tongersdei, en nije wike moandei en tiisdei skowe ek gasten by him oan.
Sjoch alles oer de ferkiezingen.