Sjen yn it tsjuster: earbetoan oan Tsjêbbe Hettinga

Jonge, lytse jonge... Rop my, rop my werom, werom. It is it refrein fan it gedicht 'Lytse Jonge' fan dichter Tsjêbbe Hettinga. It giet oer syn bertedoarp Burchwert. It doarp dêr't freed it stik 'Sjen yn it tsjuster' yn premjêre giet. It is in earbetoan oan de de fiif jier lyn stoarne Hettinga.
It stik is ien fan de haadfoarstellingen fan Leeuwarden-Fryslân 2018. Dat past goed, want Hettinga wie ien fan de grûnlizzers fan Kulturele Haadstêd. Soan Piter en dochter Wypkje komme yn de kunde mei in foar har ûnbekende perioade út it libben fan har heit, syn jeugd.
Fan de 300 ynwenners fan Burchwert binne 150 belutsen by de foarstelling.