Huldiging foar Olympyske medaljewinners op It Hearrenfean

14 mrt 2018 - 15:34

De gemeente Hearrenfean huldiget nije wike tongersdei syn Olympyske medaljewinners. Dat wurdt dien by in feest op de Oude Koemarkt dat jûns om 19.00 oere begjint. Neist de sporters wurde dan ek har treners en coaches yn it sintsje set. Neffens eigen sizzen is der gjin gemeente dêr't safolle sporters in medalje wûn ha by de Olympyske Winterspelen as Hearrenfean.

Foar en nei de huldiging is der muzyk, ûnder oare fan de Glasblazers.

(advertinsje)