Sikehuzen nimme needmaatregels fanwege massale gryp

De problemen mei de gryp by pasjinten en personiel fan de noardlike sikehuzen is sa grut, dat der needmaatregels nedich binne om de stream pasjinten dochs oan te kinnen. Dat betsjut dat fan woansdei ôf by de Meldkeamer Noard-Nederlân byhâlden wurdt yn hokker sikehûs noch bêden beskikber binne.
Alle dagen wurdt op trije fêste mominten oan de sikehuzen frege oft der noch romte is. It beskikbere bêde-oersjoch wurdt dan oan alle sikehuzen stjoerd, sadat sy kollega's om help freegje kinne, as dat nedich is. Dit is besletten yn in spoedoerlis fan soarchoanbieders yn Noard-Nederlân. De spoedeaskjende helpôfdielingen fan de sikehuzen hawwe grutte problemen. Op de intensive care binne kwealik noch bêden beskikber. Oant no ta hat it MCL yn Ljouwert tweintich operaasjes ôfsizze moatten fanwege de grypepidemy.
Njonken de deistige list dy't byhâlden wurdt by de meldkeamer, sjogge sikehuzen ek nei hokker mooglikheden sy hawwe, om it oantal beskikbere bêden te fergrutsjen. Dit kin troch bygelyks pasjinten sa gau mooglik troch te stjoeren nei ferpleech- en fersoargingshuzen. De ambulânsesoarch besjocht oft dêrfoar ekstra personiel frijmakke wurde kin.