Hearrenfean kin troch mei útwreiding Skoatterwâld

14 mrt 2018 - 15:06

De gemeente Hearrenfean kin fierder mei de útwreiding fan de nijbouwyk Skoatterwâld. Dat docht woansdei bliken út in útspraak fan de Ried fan Steat. In bewenner fan in appartemint oan de Wilgenpoel fersette him tsjin de bou fan 55 wenningen yn it gebiet Middenzone Oost, tsjin it parkgebiet oan. Syn berop tsjin it útwurkingsplan Skoatterwâld is ôfwiisd troch de heechste bestjoersrjochter.

Yn de plannen stiet dat de nije huzen op 30 meter ôfstân fan it appartemint fan de beswiermakker komme. Hy wie benaud foar ferlies oan útsjoch en privacy. Neffens de Ried fan Steat past de ôfstân lykwols yn in stedsomjouwing.

(advertinsje)