Boete foar Amelanner foar it riden mei drank op

14 mrt 2018 - 14:18

In man fan 30 út Hollum op It Amelân moat in jildboete fan 650 euro betelje, omdat hy op 9 desimber ferline jier mei drank op achter it stjoer sitten hie. Dat hat de rjochter woansdei bepaald. Earder is syn rydbewiis al ûnjildich ferklearre troch it CBR. Ek moat hy in geskiktheidsûndersyk fan 1000 euro ûndergean, dat hy sels betelje moat.

De man wie op dy 9 desimber nachts nei trijen op wei nei hûs, doe't de plysje him steande hâlde woe. De man naaide út, mar de plysjeminsken fûnen him letter werom op it hiem fan in kampearbuorkerij. De man ûntkende doe dat hy in auto bestjoerd hie. By de rjochter joech de man wol ta dat er riden hie. Hy hie 12 glêzen bier hân en by de blaastest die bliken dat hy trije kear mear dronken hie as tastien is.

(advertinsje)