File troch wurk oan A32 by Wolvegea hie net moatten

14 mrt 2018 - 13:45

It wurk oan de A32 woansdeitemoarn by Wolvegea hie gjin file opsmite mocht. Dat seit in wurdfierder fan Rykswettersteat. De organisaasje hat foarôf besjoen hoe drok it yn 'e spits op it stik dyk is en nei oanlieding dêrfan bepaald dat der wurke wurde koe. Der ûntstie lykwols wol in file fan sa'n fjouwer kilometer. It wurk duorret noch oant tongersdeitejûn healwei tsienen. It is net dúdlik oft der tongersdeitemoarn wer yn de spits wurke wurdt.

Trefwurden: 
file Wolvegea A32
(advertinsje)