Kijlstra ambulânsesoarch: "We steane altyd paraat"

14 mrt 2018 - 17:15

Kijlstra Ambulancezorg hat 28 auto's yn de provinsje. Op elke auto sit in sjauffeur en in ferpleechkundige. "Yn it foar witte we nei watfoar sikehûs oft we moatte mei de pasjint. No mei de gryp ha guon sikehûzen in opnamestop, mar we krije te hearren wêr't noch bêden frij binne", fertelt direkteur Sietse Kijlstra. 

Dat safolle minsken op it stuit siik binne, hat er noch net earder meimakke. "Us auto's binne altyd op de dyk, we kinne net stilstean. By sykte freegje we dus mear fan de minsken dy't wol wurkje. Ambulânsesoarch giet altyd troch, 24 oeren deis en sân dagen yn de wike. It is minskewurk."

Ferslachjouwer Geert van Tuinen hat trije jier lyn in hertynfarkt hân en hat sels ek yn de ambulânse lein. Mei ambulânsesjauffeur Jan Wilke Offringa en ambulânseferpleechkundige Hester van der Wal praat er oer wat sy yn sa'n sitewaasje dogge. 

Omrop Fryslân slút oan by de lanlike 'Wike fan soarch en wolwêzen' om de soarch in ekstra ympuls te jaan. Yn de soarch binne grutte tekoarten en it ferlet fan nije minsken wurdt hieltyd grutter. Fan 12 oant en mei 17 maart is by Omrop Fryslân rom omtinken foar alle fasetten fan de soarch. Op radio, telefyzje en online dogge we ferslach fan tal fan aktiviteiten.

Sjoch foar mear reportaazjes, artikelen en ynformaasje op Omropfryslan.nl/soarch.
Mear witte oer de nasjonale Wike fan soarch en wolwêzen of oer it wurkjen yn de soarch? Sjoch dan op de webside fan Zorgplein Noord: Wzwnoord.nl.

(advertinsje)