LIVE: IepenUP oer gender

14 mrt 2018 - 18:13

Gender: je kinne der lang oer prate of gewoan de ferbylding oan it wurd litte. IepenUP kiest dizze wike foar it lêste mei trije teätrale miny-foarstellingen en in kollumn dy't minsken oan it tinken set. Elkenien is wolkom yn poppoadium Neushoorn om mei te praten en meisjen kin fansels ek online fan 20.00 oere ôf fia de livestream hjirboppe.

Love me gender

De foarstellingen fan de jûns binne TRÆNS (oer it feminine en maskuline), The Transketeers (oer transgender) en Comedy Kitchen (froulik comedytalint). Lisa Peters, gendersjoernalist foar û.o. De Correspondent, de Volkskrant en Het Parool bringt de kolumn: 'Mogen we nu zelfs niet meer gewoon man of vrouw zijn?' 

Alles kin yn IepenUP

Diskusje, optredens, lêzingen, fideos en muzyk; yn de wyklikse talkshow IepenUP yn poppoadium Neushoorn kin alles. Alle woansdeis steane yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal; hoe libje wy mei syn allen, watfoar subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.

Elkenien kin oanwaaie komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is ek te folgjen fia Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op harren Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.

Trefwurden: 
IepenUP transgender gender
(advertinsje)