Cao-oerlis Philips sit muorrefêst

14 mrt 2018 - 13:04

"Meten met twee maten als het om beloning gaat." Dat ferwyt krijt de direksje fan Philips fan fakbûnen CNV Vakmensen, FNV Metaal en de Unie. Nei fjouwer kear ûnderhanneljen oer in nije cao krijt it personiel 2 prosint leansferheging tabedield. Dat wurdt útbetelle yn twa kear: yn maaie en oktober 2018. Topman Frans van Houten strykt 8 prosint op, yn ien kear. De fakbûnen wolle fan Philips in leansferheging fan 3,5 prosint, op basis fan de goede jiersifers fan de multinasjonal.

De cao-ûnderhannelingen tusken Philips en de fakbûnen rûnen foarige wike fêst.

Trefwurden: 
CAO Philips fakbûnen
(advertinsje)
(advertinsje)