Gemeente freget nije fergunning foar Starumer Hanzekwartier

plattegrûn fan it blokhûs yn Starum
De gemeente Súdwest-Fryslân freget in nije fergunning oan foar it Hanzekwartier yn Starum. De twa eardere fergunningen waarden yn febrewaris troch de rjochter ferneatige. De gemeente hie heger berop oantekenje kinnen, mar docht dit net om gjin tiid te ferliezen en omwenners net langer yn ûnwissichheid te litten. Dy hiene beswier oantekene tsjin de bou fan in toer as ûnderdiel fan it werombringen fan de kontoeren fan it âlde Blokhûs. De toer stekt twa meter boppe de grûn út en omwenners binne bang dat sy mei hurde wyn lûdsoerlêst krije.
De gemeente wol no sjen oft se mei de omwenners in oplossing betinke kinne.