Skoalbern plantsje nije beammen op beamfeestdei

14 mrt 2018 - 11:55

Sa'n 200.000 beammen wurde woansdei troch hiel Nederlân plante yn it ramt fan de nasjonale beamfeestdei. Dat wurdt dien troch mear as 100.000 skoalbern.

It provinsjale startsein wie op basisskoalle de Hoekstien yn Lúkswâld. De spesjale beammedei kaam dêr goed út: yn it doarp moasten in soad esken fuorthelle wurde om't se in deadlike sykte hiene. De skoalbern hawwe der no 25 nije wylgen plante.

(advertinsje)