Fakânsjehúskes It Amelân meie net grutter

14 mrt 2018 - 11:53

Fakânsjehúskes yn de tunen op It Amelân meie net grutter wurde. Yn 2013 waarden skuorkes en fakânsjehúskes, dy't ferhierd wurde, legalisearre. De fraksje fan Ameland '82 woe no in stap fierder gean en de eigeners tastean de húskes te ferbouwen en út te wreidzjen. Mar it kolleezje fan boargemaster en wethâlders en de rest fan de gemeenteried wol der net oan, sa waard tiisdeitejûn dúdlik. Om de húskes te ferbetterjen, hoege se neffens it kolleezje net grutter te wurden.

Trefwurden: 
It Amelân fakânsjehúske
(advertinsje)