"Leantsjinst is mooglik oplossing foar tekoart húsdokters"

14 mrt 2018 - 11:49

By húsdokters sels leit it gefoelich, mar it is eins net foar te kommen dat húsdokters ophâlde as selsstannich ûndernimmer. Yn stee dêrfan komme se dan yn leantsjinst. Dat is oanlokliker foar jonge húsdokters, dy't faak yn dieltiid wurkje wolle. Dat seit foarsitter Meindert Dijkstra fan de Fryske húsdoktersferiening Noard. Dat is it ferbân fan húsdokters foar ûnder oare Ljouwert.

Húsdokters dêr hawwe in pasjintestop, nije ynwenners kinne mei gjin mooglikheid in húsdokter fine. Nei oanlieding fan in útstjoering fan Radar, ôfrûne moandei, hat de minister al sein dat hy ree is om lâns te kommen, om te praten oer in oplossing. Dijkstra sels is húsdokter yn de wyk Aldlân. Hy is noch wol selsstannich ûndernimmer. Neffens him hâlde in protte húsdokters leaver har frijheid as ûndernimmer, om sels har wurk en praktyk yn te rjochtsjen.

De tendins is al dat der hieltyd mear help komt foar de húsdokters, yn de foarm fan praktykûndersteuners, bygelyks foar de GGZ, somatyk of âldereinsoarch. Mar ek dêr sit in grins oan, fynt Dijkstra. Al dy praktykûndersteuners moatte ek begelaat en oanstjoerd wurde. De tiid dy't de húsdokter dêr yn stekke moat, giet ek wer ta skea fan de pasjint. Op 27 maart sitte ûnder oare de húsdokters en soarchfersekerder De Friesland by elkoar om in plan te meitsjen om it tekoart oan húsdokters op te lossen.

(advertinsje)