F-16's komme werom út Libië

02 nov 2011 - 09:39
Foto: Omrop Fryslân

De F-16's dy't meidien ha oan de Navomisje boppe Libië komme woansdei werom nei de Ljouwerter fleanbasis. De rest fan it detasjemint folget freed.

De fleantugen wiene sûnt ein maart aktyf om it fleanferbod boppe Libïe te kontrolearjen. Dat wie ynsteld om de Libyske befolking te beskermjen tsjin it rezjym fan kolonel Khadaffi. No't Libië offisjeel befrijd is, is de misje ek dien. De Nederlânske F-16's ha hast 600 kear de loft yn west.

(advertinsje)
(advertinsje)