Skiep yn beslach nommen

02 nov 2011 - 08:33

Kontroleurs fan de Voedsel- en Warenautoriteit en de plysje Drinte hawwe 150 skiep fan in man (43) út Oerterp yn beslach naam. De eigner is oanhâlden om't er net nei oanwizings fan de plysje lústere.

De skiep wiene net ynskreaun yn it Identificatie- en Registratiesysteem foar bisten. Dat hâldt yn dat se in earmerk ha. Dat is wol ferplichte. De skiep binne nei in oar plak brocht.

(advertinsje)