Enerzjy by Ofslútdyk opwekke

02 nov 2011 - 08:48

It Snitser bedriuw Red Stack begjint ynkoarten mei in proef om enerzjy op te wekken by de Ofslútdyk. Der komt in kontainer yn de Iselmar by Breesândyk dy't de enerzjy hellet út de skieding fan swiet en sâlt wetter.

De proef fan fjouwer jier kostet 6,5 miljoen euro. Provinsje en SNN jouwe 1,6 miljoen. Wetsus, Fuji en Red Stack jouwe sels 3 miljoen. Deputearre Konst ferwachtet in soad fan it projekt. At it slagget, kin der foar 500.000 húshâldens enerzjy opwekt wurde.

(advertinsje)