Boerepleatsen meie groeie

© Omrop Fryslân
De provinsje jout wer tastimming oan boeren om har bedriuw út te wreidzjen. Sûnt april fan dit jier mocht dat net mear. At it goed yn de romte past, meie boerepleatsen oant 3 hektare groeie. Guon pleatsen meie sels noch grutter, mar dat beoardielet provinsje yn ôfsûnderlike gefallen. At in boer 3 bunder grûn hat, dan is der wol romte foar 350 oant 500 kij.
Deputearre Konst bestriidt dat it om megastâlen giet.