Friese Stoomtrein is fallyt

02 nov 2011 - 09:05

De Friese Stoomtrein freget it fallisemint oan. Dat hat de stichting woansdei bekend makke. De steaten en de gemeente Súdwest-Fryslân fine it spitich dat dizze stap nommen is. De stoomtrein soe tusken Snits en Starum ride.

De provinsje hat al 1,85 miljoen euro yn it projekt stutsen. De gemeente Súdwest-Fryslân goed 400.000 euro. Foar direkteur Max Kooijmans is dit de ein fan syn dream dêr't er 13 jier mei dwaande west hat.

(advertinsje)