Fryske Anjer nei Elske DeWall

02 nov 2011 - 09:11

De Fryske Anjer giet dit jier nei Elske DeWall. It Prins Bernhard Cultuurfonds rikt alle jierren in Anjer út oan persoan of ynstelling dy't him ynset foar de Fryske kultuer of natuer. De Ljouwerter sjongeres krijt de priis as stipe foar har muzikale karriêre. Neffens foarsitter John Jorritsma draacht Elske DeWall op eigen wize en entûsjast by oan de Fryske kultuer. DeWall krijt 2 desimber de spjelde en in sjek fan 2500 euro útrikt.

(advertinsje)