Steiger fan 160 meter wurdt iepene yn Willemshaven

© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Yn Harns wurdt tongersdei de multyfunksjonele steiger yn de Willemshaven iepene. Mei dizze driuwende steiger kin Harns tenei skippen fan 160 meter lang in plak jaan. Om't de steiger mei it wetterpeil mei giet, kinne skippen goed oanlizze en passazjiers maklik op- en ôfstappe. De steiger is benammen bedoeld foar see- en riviercruiseskippen, mar ek de histoaryske sylskippen fan de brune float kinne der oanlizze. Dêrneist sil sinnepont Jonge Seun har gasten fan de steiger ôf ferfiere.
Neffens wethâlder Maria Le Roy moat de steiger in ympuls jaan oan it toerisme yn de havenstêd. De oanlis fan de steiger koste trije miljoen euro en is betelle troch de gemeente en de provinsje. Harns wol mei de steiger úteinlik 40 cruiseskippen it jier binnen helje. Yn juny komme fjouwer grutte cruiseskippen nei Harns.