Antonius Sikehûs is topsikehûs

02 nov 2011 - 06:29

It Antonius Sikehûs yn Snits is op 'e nij keazen ta meast pasjintfreonlike sikehûs fan Nederlân. Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten is it bêste sikehûs fan Fryslân. Dat stiet te lêzen yn de Dr. Yep Jaargids 2012.

Neffens de gearstallers fan de gids is dat de 'Michelin gids' fan de soarch dy't op betroubere wize de wei wiist yn de soarch. Sa kinne jo yn it boekje sjen mei hokker kwaal oft jo it bêste nei hokker sikehûs gean kinne.

(advertinsje)