Learlingen ûndersykje seedyk

02 nov 2011 - 06:35

Sa'n 135 learlingen fan skoalmienskip Simon Vestdijk yn Harns en Frjentsjer ûndersykje woansdei de fersmoarging fan de seekust. Se romje it ôffal net op, mar hâlde by hoefolle smoargens at der oanspielt op de seedyk. Mei elkoar wurdt 15 kilometer seedyk ûndersocht.

De learlingen dogge dit yn it ramt fan it projekt Coastwatch fan Stichting De Noordzee, dêr't skoalbern en frijwilligers út 20 lannen oan meidogge. De stifting wol it probleem fan skipsôffal ûnder de oandacht bringe.

(advertinsje)