Flyers kânsleas yn Den Haach

© Nicolien Sijtsema
De Friesland Flyers koene de ynhelwedstriid yn Den Haach tsjin HYS lang net yn winst omsette. De wedstriid dy't op 11 oktober troch de mist staakt waard, krige tiisdeitejûn in dúdlike winner: 7-1 foar HYS.
Mei de perioadestannen 4-0, 1-1 en 2-0 wie de tik yn de earste tweintich minuten al útdield. Michael Nason makke de goal foar de Flyers. Den Haach hat yn acht wedstriden noch mar trettjin tsjingoals. De Flyers stean op it fiifde plak.